PvdA-er Tichelaar bedrige

08 jan 2005 - 12:11

De plysje hat in man (48) fan It Hearrenfean oanhâlden. Hy wurdt derfan fertocht it Twadde-Keamerlid Jacques Tichelaar bedrige te hawwen. Dat wie tusken 20 desimber en 4 jannewaris. De fertochte gong safier dat de PvdA-er syn wurk net mear dwaan koe. De wenning fan Tichelaar yn Oranjewâld waard sûnt moandeitejûn troch de plysje bewaakt.

Neffens de plysje wie de fertochte it net iens mei in beslút fan de hege rie. Hy soe it beslút beynfloedzje wolle.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)