PvdA-er Hans Konst: ''Ik fiel my naaid troch it CDA"

22 apr 2015 - 23:14

De PvdA yn Fryslân is by de ôfrûne steate- en wetterskipsferkiezings de dupe wurden fan Haachske kwestjes. Dy konklúzje waard woansdei lutsen op in ledegearkomste yn Easterlittens. Leden fûnen dat de ferkiezingskampanje goed wie, mar dat lanlike kwestjes soarge hawwe foar in de desastreuze útslach.

Dêrtroch is de PvdA mei sân sitten net langer de grutste partij yn Provinsjale Steaten. Hurde krityk wie der ek oer de wize wêrop it CDA de PvdA útsletten hat by it formearjen fan in nij kolleezje. ''Ik fiel my naaid', sei deputearre Hans Konst.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)