PvdA ek yn Fryslân grutte winner

08 mrt 2006 - 12:49

De PvdA is ek yn Fryslân de grutte winner fan de gemeenteriedsferkiezings. De grutte winners fan fjouwer lyn, de ferskate Gemeentebelangen hawwe fiks ferlern, sy hâlde minder as de helte fan har sitten oer. Ek it CDA en de VVD moatte ferlies ynkassearje.

Noch slimmer is it lot fan D66: dy partij ferdwynt folslein út de Fryske gemeentepolityk. De FNP wint sitten. Sy geane yn Fryslân fan 50 nei 54. Ek de SP krijt der fjouwer by en komt op 10.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)