PvdA: dúdlikheid oer subsydzjes

29 jun 2004 - 09:52

De provinsje moat gau oan organisaasjes as Kleurrijk Friesland witte litte oft sy yn 'e takomst op 'e nij yn 'e beneaming komme foar subsydzje. Dat wol de PvdA-fraksje yn 'e steaten. Tefolle organisaasjes witte op it stuit noch net wêr't sy oan ta binne. Kleurrijk Friesland soe mooglik sels ferdwine as de stipe fan 57.000 euro ferdwynt.

Neffens PvdA-steatelid Fimke Hylkema komt de ûndúdlikheid troch in nije wurkwize by de provinsje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)