PvdA: defibrilator by sportklub

15 feb 2006 - 10:47

Sportferienings en sportakkomodaasjes moatte de beskikking krije oer in hert-defibrilator. Dat fynt de PvdA yn Ljouwert. De gemeente soe dêr oan meibetelje moatte.

De PvdA komt mei it foarstel yn neifolging fan de gemeente Veendam. Dêr binne twa fuotballers wilens it sporten ferstoarn oan in hertstilstân. Dat hie mei in defibrilator miskien foarkaam wurden kinnen. Swimbaden yn Ljouwert ha ek al sokke apparaten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)