PvdA: De Vreeze hurd oanpakke

13 maaie 2013 - 09:02
  • Caparis

De PvdA-fraksjes yn de acht gemeenten dy't dielnimme yn Caparis, wolle dat der in ûndersyk komt nei mooglik strafber hanneljen troch de eardere algemien direkteur Wilko de Vreeze. Dy tsjinne koartlyn syn ûntslach yn by it bedriuw.

De Vreeze wurdt fertocht fan belangeferfrisseling. Hy soe mei syn eigen detasjearringsbedriuw jild fertsjinne hawwe oan pleatsing fan meiwurkers by Caparis. De fraksjes binne lilk en ûngerêst oer de situaasje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)