PvdA: CO-2 yn klasse mjitte

04 des 2008 - 11:31

Skoallen yn Ljouwert moatte in apparaat krije dat it CO2-gehalte yn de lokalen mjit. Dat fynt de PvdA-fraksje yn de gemeente.

Yn in soad skoallen is it min steld mei de luchtkwaliteit en dêrtroch kinne bern har faak net goed genôch konsintrearje. Der soe better fentilearre wurde moatte. Apparaten dy't oanjouwe dat der tefolle CO-2 yn de lucht sit, kinne dêrby helpe. As it CO-2 gehalte te heech wurdt, begjint sa'n apparaat te piipjen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)