PvdA boycot riedsgearkomste net

20 jun 2006 - 23:36

De PvdA yn Littenseradiel boycot de riedsgearkomste fan kommende moandei net. Dat is besletten op de fraksjegearkomste. Yn de gemeente hearsket in bestjoerskrisis neidat boargemaster Liemburg krityk utere hie op de foarming fan it nije kolleezje.

Ald-boargemaster Te Loo fan Ljouwert sil oare wike besykje it skeel tusken Liemburg en de fraksjefoarsitters op te lossen. Foar de simmerfakânsje moat der dúdlikens komme.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)