PvdA B'him wol weryndiele

04 des 2009 - 12:04

De PvdA yn Boarnsterhim is foar weryndieling fan dy gemeente. Dat hat de fraksje topngersdei besletten. De partij is mei 7 fan de 17 sitten de grutste yn de ried fan Boarnsterhim.

Neffens de PvdA is oan weryndieling net te ûntkommen. Belangrykste reden dêrta is de minne finansjele tastân fan de gemeente en de negative gefolgen foar de boargers. Tiisdei 15 desimber nimt de ried fan Boarnsterhim in definityf beslút.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)