PvdA bang foar sanksje Europa

09 okt 2006 - 11:37

De provinsjale PvdA-fraksje makket him soargen oer strafkoarting troch de Europeeske kommisje. Nederlân krijt mooglik minder subsydzje om't de oerheid de saken net op oarder hat. Dat kin grutte finansjele gefolgen hawwe, tinkt de PvdA-steatenfraksje.

Deputearre Bijman hat ôfrûne freed al sein dat er net benaud is dat Fryslân jild misrinne sil. Fryslân docht alles neffens de regels, sa seit Bijman.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)