Putsjeman foar tsjerken socht

16 aug 2011 - 15:02

De stichting Alde Fryske Tsjerken siket in frijwilliger dy't putsjes dwaan wol yn de ferskate eigendommen fan de stichting. It giet bygelyks om it ophingjen fan nammebuorden, it ferfangen fan skarnieren, it draaiber meitsjen fan ruten of it opnij befluorjen fan fersakke stikjes paad.

De putsjesman moat wol leafde foar âlde Fryske tsjerken hawwe. Gadingmakkers kinne harren melde by de stichting.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)