Putdeksel-mystearje oplost

27 aug 2013 - 15:11
  • Op it plak leit no in gewoan putdeksel

Fjouwer jongeren út Kollum, Kollumersweach, Koatstertille en Bûtenpost hawwe by de plysje tajûn dat se yn Kollum putdeksels iepenset ha. Dat wie begjin dizze moanne. In auto, dy't yn in iepensteande put ried, rekke swier skansearre.

De jongeren, fan 14 oant 17 jier, hawwe by de plysje ferklearre dat se it lid foar de grap iepenset hawwe. Tsjin de fjouwer is proses-ferbaal opmakke.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)