Purbom fernielt wykgebou

01 jan 2009 - 17:11

It wykgebou oan de Tsjerkebuorren yn Aldeboarn is Aldjiersnacht skansearre rekke troch in purbom. In buertbewenner hearde in grutte knal en seach rûnom spatten pur op it eigen hûs sitten en op it wykgebou. By it wykgebou wiene boppedat in grut tal rútsjes stikken rekke.

De namme fan de bomgoaier is bekend by de plysje. Dy sil ynkoarten by him of har delkomme.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)