Puntferlies foar Cambuur

18 sep 2004 - 00:00

Cambuur hat freed de útwedstriid tsjin Eindhoven net mei winst ôfslute kinnen. De ploeg miste in soad kânsen. Benammen de fierder tige goed spyljende Dominique van Dijk siet it net mei. Hy miste fiif kear yn skoaringsposysje.

Ronnie Venema krige flak foar rêst de reade kaart. Ek nei rêst wie Cambuur lykwols de bettere ploech. Cambuur hat no seis punten út seis wedstriden en sakket nei de sturt fan de ranglist.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)