Punte-ôflûk Drachtster Boys

22 mrt 2008 - 13:06

Sneons-earsteklasser Drachtster Boys hat fan de tuchtkommisje trije punten yn mindering krigen. De wedstriid op 8 maart tusken Drachtster Boys en Olde Vest '54 waard trije minuten foar de ein staakt troch skiedsrjochter Hut nei't spilers fan beide ploegen deilis mei inoar krigen hiene.

Drachtster Boys giet tsjin de straf yn heger berop. Ek Olde Veste '54 krige trije punten yn mindering. Mooglik wurde de trije minuten noch útspile.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)