Pún stoarten by bosk

08 mrt 2004 - 00:00

By in parkearplak by Wynjewâld hat Steatsboskbehear moandei grutte bulten bou- en sloopôffal fûn. It materiaal is nei alle gedachten mei in frachtwein nei it plak brocht en yllegaal stoart.

De boskwachter hat de plysje warskôge, dy't in ûndersyk ynsteld hat om út te finen fan wa't it pûn ôfkomstich is. De gemeente Opsterlân is dwaande mei it oprêden fan de ôffalbulten. Der wurdt yn it natoergebiet om Wynjewâlde hinne faker yllegaal ôffal dumpt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)