Pún skealik foar jiskeweinen

04 nov 2014 - 17:19

De jiskeweinen fan de gemeente Dongeradiel hawwe te lijen fan de stikken stien en it izer dat minsken yn de kontener foar húshâldlik ôffal smite. De fizels dy't yn de jiskeweinen it smoargens fynmealle, moatte dêrtroch folle earder ferfongen wurde as de bedoeling wie. It ferfangen kostet tûzenen euro's mei as gefolch dat de ôffalstoffeheffing mooglik ferhege wurde moat.

De gemeente wol minsken derop wize dat pún nei it stoart brocht wurde moat en de grize kontener allinnich bedoeld is foar hússmoargens.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)