Pultrumfûns keart subsydzje út

25 mrt 2007 - 11:28

It Durk Pultrumfûns yn Boelensloane hat syn earste subsydzje útkeard. De Jan van Zuilenskoalle krige in sjek fan 1500 euro. De skoalle brûkt it jild foar de taalmetoade Studio F.

It Durk Pultrumfûns is ûntstien út de opbringst fan de ferkeap fan it Volksgebouw yn Boelensloane. Pultrum rjochte dat gebou yn 1933 op. De behearsstifting wol it jild ten goede komme litte oan de minsken yn Boelensloane en omjouwing.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)