Pultrum hâldt op as wethâlder

25 aug 2004 - 16:50

Wethâlder Pultrum fan Smellingerlân hâldt dermei op. Hy docht dat om persoanlike redenen. De PvdA-er hie ferkear en ferfier, wolwêzen en jildsaken yn syn portefeuille.

De fraksje fynt it spitich dat Pultrum dermei ophâldt, mar respekteart syn beslút. De wethâlder leit syn funksje begjin novimber del. Kees Kuipers folget Pultrum nei alle gedachten op. Pultrum wie sûnt 1986 aktyf yn it gemeentlik bestjoer.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)