Pulp Fiction wint tsiende Kameleon Roeisloeperace

28 jun 2015 - 14:12
  • De froulju fan de Pulp Fiction yn aksje
  • De manlju fan de Gouteyck fan Skylge

De tsiende edysje fan de Kameleon roeisloeperace yn Terherne is sneon in proai wurden foar de roeisloepfroulju fan Pulp Fiction út Makkum. It twadde plak wie foar de Beluga út Snits. Tredde waard de Lytse Bear fan De Jouwer.

By de manlju wie de winst foar de Orkaan út Muiden. De manlju fan Trewes 2 út Aldeboarn einigen as twadde foar de Gouteyk fan Skylge dy't tredde waard.

De tsiende edysje fan de Kameleonrace giet de boeken yn as in tige slagge race, mei moai waar en aardich wat wyn. De wedstryd telt mei foar it Nederlânsk kampioenskip.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)