Puck van Ulzen ferstoarn

07 maaie 2014 - 10:12
  • Puck van Ulzen

It Ljouwerter âld-riedslid Puck van Ulzen is tiisdeitejûn ferstoarn. Se siet yn de jierren njoggentich foar de VVD yn de gemeenteried. Se kaam mei har partij yn konflikt doe't dy har op in ûnferkiesber plak sette. Van Ulzen fierde doe in súksesfolle aksje om mei foarkarstimmen yn de ried te kommen. Puck van Ulzen wie al langer siik. Se is 79 jier wurden.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)