Publyk kin meisile op skippen

17 jun 2014 - 07:36
  • De Kruzenshtern by it German Sailing Festival yn 2012

Op de 80 skippen dy't meidogge oan de Tall Ships Races yn Harns, is noch romte foar it publyk om in pear dagen mei te farren as bemanningslid. Der binne noch 50 oant 100 plakken beskikber. Minsken sile mei en moatte bygelyks ek nachts wachtrinne oan board.

Dielnimmers stappe 5 july yn Harns oan board en komme dan op 12 july oan yn Frederikstad yn Noarwegen. Dêrnei gean se mei de bus werom. Meisile kostet sa'n tûzen euro en dielnimmers moatte op syn minst 15 jier wêze. De koördinaasje is yn hannen fan At Sea Sail Training.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)