Publyk gemaal foar tichte doar

24 des 2012 - 12:21

It Woudagemaal op 'e Lemmer kin tiisdei pas besikers ûntfange, mar moandei steane de earsten al foar de poarte. Om 'e nocht, want it op stoom bringen fan it gemaal is te gefaarlik om publyk by te hawwen.

Wetterskip Fryslân set it gemaal yn wurking omdat der de kommende dagen in soad reinwetter ferwachte wurdt. Hilda Boesjes fan it besikerssintrum wit net hoefolle besikers se de kommende dagen ferwachtsje moat. Mar der binne de kommende dagen tsientallen frijwilligers oproppen om alles yn goeie banen te lieden.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)