Publyk bepaalt priis CD Lawn

28 feb 2008 - 14:02

De Frysk-Grinzer band Lawn bringt yn maart de tredde CD út. De priis fan dy CD wurdt bepaald troch hoefolle minsken op it konsert fan de band ôfkomme. Belangstellenden moatte har ynskriuwe op www.lawn.nl/safehaven. De band spilet op ferskate plakken yn it lân. Lawn wol mei dizze aksje de weromrinnende ferkeap fan CD's keare.

De band bestiet tsien jier en hie yn 2004 lanlik sukses mei de single Fix dêr't Anneke van Giersbergen op song.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)