Publike selsdeading yn Harns

03 okt 2008 - 14:38

In man hat himsels freedtemoarn te koart dien by de fytsersopgong by de fearboat yn Harns. De man hong himsels op om de tiid hinne dat de boat út Skylge oankomt. Mar it wie dêr op dat stuit net hiel drok.

It gie om in 25-jierrige man út Eastenryk. De man wie ynternasjonaal as fermist opjûn. De brânwacht wie der gau by en hat it plak fan it ynsident mei skermen ôfset.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)