Publike omrop yn aksje

09 okt 2013 - 07:43
  • Publike omrop yn aksje

Meiwurkers fan publike en regionale omroppen gean woansdei nei Den Haach om aksje te fieren tsjin de nije besunigings dêr't de Twadde Keamer tongersdei oer prate sil. Under it earste kabinet Rutte is 200 miljoen besunige op de publike omroppen, no soe nochris 100 miljoen besunige wurde moatte.

Fan 11.15 oere ôf stean de meiwurkers op it Maliefjild om te protestearjen. Der wurdt ek in petysje oanbean oan steatssekretaris Sander Dekker. Dy petysje is tekene troch goed 250.000 minsken.

Jo kinne woansdei by ús hearre litte wat jo fine fan de besuniging. Dat kin fia de Reade Tried op de webside.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)