Pubers rinne oer auto's

19 aug 2010 - 10:00

De plysje yn Snits hat woansdei twa jonges fan 13 en 17 en twa famkes fan 15 en 17 jier oppakt omdat se oer in stel auto's hinne rûnen. De auto's stiene parkeard oan de Willem Loadewykstrjitte yn Snits. Tsjûgen hiene it fjouwertal sjoen en bellen de plysje. Dy kaam de fjouwer tsjin yn in oare strjitte.

Omdat se dúdlike skuonôfdrukken achterlitten hiene op de auto's, wie algau dúdlik dat sy dyjingen wiene dy't oer de auto's rûn hiene.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)