Pubers minder oan de drank

14 okt 2009 - 22:20

Hieltyd minder bern tusken de 12 en 18 jier drinke alkohol. Dat blykt út sifers fan GGD Fryslân. Yn 2008 seit 63 prosint fan de jongerein wolris wat dronken te hawwen. Yn 2004 lei dat oantal flink heger mei 78 prosint. Krekt wat mear jonges as famkes drinke alkohol. Bier en miksdrankjes binne it populêrst.

Hast 40 prosint fan de ûndersochte jongeren hat wol ris oansketten of dronken west. Bern op it VMBO drinke faker en meastal dogge se dat thús.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)