PTT sil Fryske plaknammen brûke

19 jul 2000 - 14:03
  • De PTT akseptearret no de Fryske plaknammen

Fan 1 septimber ôf sil de PTT de Fryske plaknammen fan 'e gemeentes Boarnsterhim, Ferwerderadiel, Littenseradiel en Tytsjerksteradiel brûke. Meiinoar giet it om 76 doarpsnammen.

De PTT sil de Fryske nammen kosteleas opnimme yn postkoadebestannen en sortearmasjines. Deputearre Bertus Mulder tinkt dat no mear gemeentes oergean sille ta it offisjeel meitsjen fan Fryske plaknammen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)