PTH Groep wint priis

25 jun 2011 - 11:04

De PTH Groep út Kollumersweach hat de Undernimmerspriis Noardeast-Fryslân wûn. De priis bestiet út in reklamekampanje fan 5.000 euro. De priis waard freed útrikt troch deputearre Galema.

PTH ferkeapet en ferhiert ûnder oare grutte fideoskermen. It bedriuw wie foardroegen troch it eigen personiel. Neist PTH makken ek Cowhouse International út De Harkema en Schoonheidssalon Amarins út Burgum kâns op it winnen fan de priis.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)