PTC+ Oentsjerk bliuwt iepen

01 mrt 2012 - 11:49

PTC+ yn Oentsjerk bliuwt dochs iepen. It bliuwt dêrmei it sintrum foar praktyktrainingen foar de melkfeehâlderij. It foarnommen beslút om PTC+ te sluten is dêrmei fan de baan. Yn stee fan dat it sintrum tichtgiet, komt der krekt romte foar nije ûntwikkelings, lykas de opset fan it ynternasjonale kennissintrum foar melkfeehâlderij.

Al hast 50 jier wurde der yn Oentsjerk praktykrainingen jûn. Dy tradysje bliuwt, mar de opset wurdt oars, it sil tenei gean om maatwurktrainingen foar minsken út binnen- en bûtenlân.

It melfeebedriuw is ûndertusken oernommen troch in Fryske ûndernimmer. De trainingsfasiliteiten wurde weromhierd en ek de oernachtingsmooglikheden foar studinten en kursisten komme werom.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)