Psychyske soarch op ynternet

01 des 2009 - 07:51
  • Online terapy by GGZ Fryslân

Minsken mei depressive klachten of in angststeurnis kinne no ek yn Fryslân online terapy folgje. Seis psychologen fan GGZ Fryslân hawwe in spesjale training folge om op ynternet in behanneling te jaan.

Op 'e webside psycholog.nl kinne kliïnten kontakt ûnderhâlde mei de psycholooch. Sa kin de GGZ minsken behannelje dy't net nei it buro fan de GGZ komme kinne of wolle. De behanneling giet mei e-mail en opdrachten dy't minsken thús dogge.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)