Psychyske problemen asylsikers

15 des 2005 - 17:02

Hast de helte fan de hûndert asylsikers yn de needopfang fan Wytmarsum hat psychyske problemen. Dat docht bliken út in ynventarisaasje fan de dokters dy't de bewenners begeliede.

De psychyske need hat te krijen mei de ûnwisse takomst fan de asylsikers. In soad fan har binne útprosedearre. De stifting Behear Needopfang sil al syn frijwilligers in trening jaan, sadat sy de sinjalen fan de asylsikers better ynterpreteare kinne.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)