Psycho-ûndersyk kloklieder

28 okt 2013 - 17:06

Ien fan de saneamde kloklieders yn de saak-Vaatstra, Wim Dankbaar, moat ûndersocht wurde troch in psychiater en in psycholooch. Dat fynt de plysjerjochter. Hy kin net twongen wurde mei te wurkjen oan it ûndersyk.

Dankbaar wurdt ferfolge foar smaad en laster. Hy soe in famyljelid fan Ali Hassan misledige hawwe op syn ynternetside. Hassan hat in skoft fertochte west fan de moard op Marianne Vaatstra. Fierders wurdt Dankbaar derfan fertocht dat er de heit fan Spencer, de freon fan Marianne, yn in kwea deiljocht set hat.

Neffens Dankbaar kriget hy gjin earlik proses. Beide fersiken binne ôfwiisd. De saak sil fierder behannele wurde troch mearfâldiche keamer.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)