Psychiatrysk kafee yn Drachten

16 nov 2004 - 10:32

Yn poppoadium Iduna yn Drachten is moandei it psychiatrysk kafee offisjeel iepene. Yn it kafee kinne minsken dy't psychiatryske klachten hawwe of dat yn it ferline hân hawwe mei elkoar yn kontakt komme. It kafee wurdt draaiende hâlden mei frijwilligers, dy't yn guon gefallen ek sels in psychiatrysk ferline hawwe.

Drachten is it twadde Fryske plak mei sa'n kafee, yn Ljouwert is der ek ien. Takom wike folget Snits noch.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)