Psy Fi: "Wy gean fallyt as it festival ferbean wurdt"

06 aug 2015 - 12:18
  • Griene Stjer yn Ljouwert

De stichting Psy Fi giet fallyt as it festival yn de Griene Stjer by Ljouwert ferbean wurdt. Dat sei de advokaat fan de stichting tongersdeitemoarn yn it koart pleit dat tsjinnet tsjin de fergunning foar it trancefestival. Dat festival duorret fiif dagen en soe hâlden wurde moatte fan 27 oan en mei 31 augustus.

De stichting Groene Ster Duurzaam fynt dat it festival foar tefolle lûdsoerlêst soarget foar omwenners en wol dat de rjochter it festival ferbiedt. Psy Fi fynt dat de skea ûnevenredich grut wêze soe as der in ferbod komt.

De gemeente Ljouwert fynt dat de lûdsnoarmen al hiel strang binne. Groene Ster Duurzaam makket ek beswier tsjin it feit dat it rekreaasjegebiet in pear wiken ticht moat foar it opbouwen fan it festival en it festival sels.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)