Psy-Fi Festival sil striepakken ynsette tsjin lûdsoerlêst

17 feb 2015 - 11:24
  • De lûdstest fan Psy-Fi yn de iepen loft by Ketlik

It Psy-Fi Festival yn Ljouwert wol dizze simmer striepakken brûke om de lûdsoerlêst fan it trancefestival te beheinen. Ferline wike binne der lûdstesten holden mei grutte striepakken, dy't meters heech en breed opsteld waarden. Ut de mjittings fan de testen die bliken dat it strie it lûd fan de muzyk goed dôve.

De organisaasje fan it Psy-Fi Festival sil no besjen hokker opstelling fan it strie it bêste past by hokker poadium. Oft it festival trochgiet, wurdt de kommende moannen dúdlik. De gemeente Ljouwert moat noch in fergunning ferliene.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)