PSV ûnbedimber foar Hearrenfean

06 maaie 2001 - 00:00

SC Hearrenfean hat PSV snein net fan it lânskampioenskip ôfhâlde kinnen. De Friezen ferlearen yn Eindhoven mei 3-0. Foar PSV wie it de tritichste oerwinning op rige. Hearrenfean stiet op it njoggende plak yn 'e ranglist.

Bruggink iepene de skoare. Yn 'e twadde helte makken Van Bommel en Kezman der 3-0 fan. Daliks nei de wedstriid waard de kampioensskaal útrikt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)