PSV te sterk foar Hearrenfean

11 nov 2012 - 18:32
  • Daniël de Ridder skoart 1-0 foar sc Hearrenfean

PSV hat snein yn eigen stadion mei 5-1 ôfrekkene mei SC Hearrenfean. Hearrenfean begûn wol goed oan de wedstryd, want nei 6 minuten iepene Daniël de Ridder de skoare. Mar al gau makke Luciano Narsingh fia de peal gelyk. 1-1 wie ek de rêststân.

Nei rêst wie PSV de baas. Mertens, Wijnaldum en Matavz (2x) fierden de skoare op oant 5-1. Hearrenfean kaam der nei rêst net mear oan te pas. Troch de winst op Hearrenfean giet PSV no oan de lieding yn de earedivyzje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)