PSV-supporters bringe tweintich kretten bier nei Hearrenfean

17 apr 2015 - 14:47

Twa PSV-supporters hawwe freedtemoarn tweintich kretsjes bier besoarge yn it Abe Lenstrastadion fan SC Hearrenfean. PSV kin sneontejûn yn it eigen stadion kampioen wurde as it fan SC Hearrenfean wint.

Hearrenfeanspiler Joey van den Berg hie as grap sein dat hy foar tsien kretten bier wol fan PSV ferlieze woe. De PSV-supporters ûndernamen fuortendaliks aksje en besoargen tweintich heale kretsjes bier. Van den Berg koe der neffens de PSV'ers wol om laitsje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)