PSV net bliid mei útstel

23 des 2009 - 15:14

PSV-trainer Fred Rutten is net bliid dat it bekerduel woansdei oer giet. Hy is der net oer te sprekken dat it beslút woansdeitemoarn pas naam is, wylst dat likegoed tiisdei kinnen hie. De PSV-ploech is foar de twadde kear dizze wike foar neat ôfreizge nei de tsjinstanner. Snein gie ek de wedstryd tsjin Roda JC op it lêste momint net troch fanwege it winterwaar. Nei oerlis mei de gemeente en de brânwacht hat de KNVB besletten de wedstryd net te spyljen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)