PS tsjin ferbreding kanaal

07 feb 2007 - 23:29

In grutte mearderheid fan de Steaten sjocht neat yn de plannen om it Van Harinxmakanaal op te wurdearjen. Utsein it CDA fine se dat de plannen fierstente folle jild kostje en te min opsmite.

Ferbreding fan it kanaal of geskikt meitsjen foar gruttere skippen kostet op syn minst 150 miljoen euro. It CDA hat it jild derfoar oer. De oare partijen wolle leaver dat fargeul De Boontjes útbaggere wurdt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)