PS foar earst yn fernijde seal

30 nov 2011 - 10:59
  • Provinsjale Steaten
  • Provinsjale Steaten
  • Provinsjale Steaten
  • De steateseal yn it provinsjehûs

Provinsjale Steaten fergaderje woansdei foar it earst yn de fernijde âlde steateseal. De gearkomste is te sjen op www.omroplive.nl. De Steaten brûke de histoaryske steateseal sûnt 1896. De lêste fiif jier is it provinsjehûs oan de Twibaksmerk yn Ljouwert ferboud. It ynterieur fan de steateseal is yntakt litten. De bankjes binne opnij beklaaid. Publyk kin de gearkomste folgje op de publike tribune.

Opfallend is dat fan de 43 steateleden en 5 deputearren der mar 9 ek foar de ferbou yn de âlde-steateseal gearkomsten meimakke ha.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)