PS fergaderje net yn Den Haach

17 sep 2013 - 11:09
  • Provinsjehûs yn Ljouwert

De provinsje sjocht der fan ôf om de gearkomste fan Provinsjale Steaten fan woansdei te ferpleatsen nei Den Haag. De gearkomste wie al oankundige yn Ljouwert en hy heart ek tagonklik te wêzen foar alle Friezen. Troch de fergadering yn Den Haag te hâlden soe in hege drompel opsmiten wurde foar Friezen dy't derby wêze wolle. Om dy reden is der no fan ôfsjoen.

It ferpleatsen fan Provinsjale Steaten wie yn wyld idee dat opkaam by de iepening fan de Fryske Ambassade yn Den Haach, ôfrûne sneintemiddei.

Provinsjale Steaten komme no dus woansdei gewoan op it Provinsjehûs yn Ljouwert gear, mei kommissaris Jorritsma en hast alle deputearren. Deputearre Tineke Schokker bliuwt yn Den Haag. Sy sil woansdei it kolleezje fertsjintwurdigje op de Fryske Ambassade.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)