Pruiksma bout 'brulboei'-oargel

12 jul 2006 - 09:42

In oargel dat bespile wurdt troch de see is takom jier te hearren yn Fryslân. It giet om in brulboei-oargel dat boud wurdt troch Hoite Pruiksma mei jild fan de provinsje. De wurking fan it oargel is basearre op in brulboei. Dy wurdt brûkt foar de skipfeart om de posysje te bepalen oan de hân fan it lûd fan de boeien.

Hoite Pruiksma sil muzyk foar it ynstrumint komponearje. Der is nea earder sa'n oargel boud.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)