Provinsjes krije mear tiid om opfangplakken te sykjen

19 okt 2015 - 17:41
  • Flechtlingebern yn de needopfan op It Hearrenfean

Minister Plasterk fan Ynlânske Saken jout Fryslân en oare provinsjes mear tiid om plakken te sykjen dêr't grutte groepen asylsikers opfongen wurde kinne. Plasterk hie ferline wike yn in brief skreaun dat de deadline moandei wêze soe. De provinsjes kinne lykwols net op sa'n termyn geskikte lokaasjes trochjaan. In wurdfierder fan de provinsje Fryslân seit dat dat letter yn de wike mooglik wol slagget. De provinsje is mei de Fryske gemeenten yn petear. Minister Plasterk fynt grutskalige opfang better foar de flechtlingen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)