'Provinsjehûs wurdt ûn-Frysk'

12 okt 2004 - 10:41

Fryske arsjitekten falle bûten de boat by de ferbouwing fan it Provinsjehûs. Dat is in nuvere saak, fynt Van der Lei fan Bonnema Arsjitekten út Hurdegaryp. Syn buro hat ek in ûntwerp ynstjoerd en is net útkeazen alhoewol't it ûnder oare ferneamd is fanwege de Achmeatoer yn Ljouwert.

Deputearre Baas is ferantwurdlik foar de ferbou fan it Provinsjehûs. Hy seit dat it ûntwerp fan Bonnema Arsjitekten net oan 'e kritearia foldocht.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)