Provinsjehûs komt wol fol

28 okt 2010 - 19:36
  • it provinsjehús yn de sloopfaze (argyf)

It nije provinsjehûs dat op dit stuit boud wurdt oan de Twibaksmerk yn Ljouwert komt net leech te stean. As der troch besunigings minder amtners binne, is der genôch belangstelling fan oare ynstellings en bedriuwen om romte yn de nije kantoartoer te hieren. Dat seit deputearre Schokker.

De bou moat ein 2011 klear wêze. It skema dêrfoar is krap. As der in strange winter komt en der in skoftsje net boud wurde kin, wurdt de eindatum mooglik net helle.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)