Provinsjehûs lang om let iepen

22 maaie 2012 - 08:00

Tiisdei is it dan lang om let safier: it nije provinsjehûs oan de Twabaksmerk yn Ljouwert wurdt iepene troch keninginne Beatrix. Mar sûnt de earste plannen fan 10 jier lyn hawwe der hiel wat ôffallers, rûzjes en mieningsferskillen west. Trije deputearren stapten yn 2007 sels op om de fouten dy't makke wiene by de tydlike húsfesting yn it âlde postsortearsintrum oan de Snekertrekwei.

De boukosten rûnen op fan 50 miljoen, nei 60 miljoen en úteinlik sels 80 miljoen euro.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)