Provinsjebestjoer tekenet kondoleânsjeregister Parys

17 nov 2015 - 09:48

It kolleezje fan Deputearre Steaten hat tiisdeitemoarn as earste it kondoleânsjeregister foar de slachtoffers fan de oanslaggen yn Parys tekene. Oant en mei freed kin elkenien dy't dat wol, it register op it provinsjehûs yn Ljouwert tekenje.

Ein dizze wike biedt de provinsje de kondoleânsjes oan oan de ambassadeur fan Frankryk yn Den Haach.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)